❀ WOLKOM ❀
|
Yn 2026 bringt Stifting Iepenloftspul De Tynje yn gearwurking mei regisseur Theo Smedes de hilaryske én spannende musicalklassiker ❀Little Shop of Horrors❀ op de planken. In musical fol humor, ferrassende personaazjes en sprekkende muzyk – mar ek mei in donker rantsje. It ferhaal draait om Seymour, in ferlegen wurknimmer yn in ferâldere blommewinkel, dy't in mysterieuze plant ûntdekt. Dizze plant – Audrey II – blykt net te libjen fan wetter en sinneljocht, mar fan... minskebloed. Wylst de winkel en Seymour ynienen in sukses wurdt, groeit ek de honger fan de plant. Hoe fier giest om sukses fêst te hâlden, en hokker priis bist ree te beteljen?
❀ Us ynstek ❀ Wy wolle de Little Shop of Horrorsakten delsette as in kleurryk, absurd mearke mei in flachje horror en in soad faasje. De humor, de muzyk en de oer-the-top karakters stean sintraal, mar dêr efter skûlet in skerp ferhaal oer habsucht, leafde en de ferliedingen fan rom en jild. De sfear dy't wy sykje is enerzjyk, boartlik, muzikaal en mei lef: in foarstelling dy't it publyk meinimt yn in achtbaan fan laitsjen, grizeljen en fernuvering. |