❀ SEYMOUR ❀Gertjan VeenstraIk bin Gertjan en spylje de rol fan Seymour, in ferlegen en ûnwisse, mar djip fan binnen goedhertige man. Syn langst nei leafde en erkenning makket him kwetsber foar ferlieding. Dochs besiket er, nettsjinsteande syn flaters, it juste te dwaan.
|
❀ AUDREY 1 ❀Mayra MarijtHoi allegear! Ik spylje de moaie rol fan Audrey; in leaf en ferlegen famke mei "in ferline". Troch har lege selsbyld hat se in ferkearde man oan'e heak slein, dy't net altyd like aardich foar har is. Gelokkich hat se in kollega yn de blommewinkel dy't altyd foar har klearstiet en letterlik alles foar har oer hat!
|
❀ MR. MUSHNIK ❀Jacob HettingaMr. Mushnik is een ras opportunist, hij plukt een jongen van de straat die hij voor zich laat werken voor eenvoudige kost en karige inwoning. Ook heeft hij een dame in dienst die niet al te veeleisend is. Als de jongen onverwacht succesvol wordt gaat hij zelfs zo ver dat hij de jongen adopteert om te voorkomen dat hij met zijn geluk zal vertrekken. De schaduwkant van het succes van de jongen wordt Mr. Mushnik uiteindelijk fataal! (en hem niet alleen...)
|
❀ CHIFFON ❀Mirjam RosHi! Ik ha in ôfgryslik soad sin om te spyljen en te sjongen tagelyk. Bin eins altyd wol op syk nei echtens op it toaniel, hoe lyts, grut of enerzjyk it spul ek is. Sin om Chiffon (in urban famke & in echte ferstoarne) te spyljen mei in komby fan dit alles:) |
❀ CHRISTAL ❀Gelbrich MetselaarIk bin graach bûten en ik fyn it moai om mei-inoar wat te meitsjen. Dêrom fyn ik iepenloftspullen sa leuk: de sfear is frij en it groepsgefoel is hiel sterk. Tegearre repetearje en nei in foarstelling ta wurkje jout my in soad enerzjy. Yn Little Shop of Horrors spylje ik Crystal, in rol mei in soad humor en attitude. Ek doch ik de koreografy foar de foarstelling. |
❀ RONETTE ❀Iris OverwijkHy, ik bin Ronette! Ien fan de trije 'sisters from different misters'. Ik bin eigensinnich en net op myn mûltsje fallen. Fan wat der yn Westwyk bart krij ik in soad mei, mear as jo tinke... |
|
Jacob SeinstraMyn leafde foar teäter begûn yn groep 8 en krige om myn tweintichste hinne in ferfolch by De Lytse Komeedzje Drachten en Iepenloft Burgum by Simmer 2000. Nei 23 jier skoft stie ik yn 2023 wer op it poadium as kampkommandant yn "16" it wier barde oarlochsdrama op Trimunt, Marum. Dat befoel sá goed dat ik sjonglessen naam en yn 2024 kaptein E.J. Smith spile yn "Titanic". Yn 2026 mei ik my op De Tynje útlibje as de hearlik foute toskedokter Orin Scrivello yn "Little Shop of Horrors". Alfêst in soad wille en oant sjen!
|
❀ ENSEMBLE ❀Marije VelthuisIk bin Marije en ik spylje ik mei yn it ensemble. Ik krûp yn ûnderskate rollen, lykas strjitfiguer, fotograaf. Tegearre soargje wy dat de wrâld om de blommewinkel hinne echt libbet. Ik rin, sjoch, reagearje en bin ûnderdiel fan de gaos op strjitte. En dat makket it eltse foarstelling wer leuk en oars. Fantastysk om tegearre mei dit leuke team dizze show delsette te meien.
|
❀ ENSEMBLE ❀Doutsen van der VeerHoi, ik bin Doutsen. Ik ha superfolle sin om mei te dwaan oan Little Shops of Horror. Ik bin in tal jierren belutsen west by it Iepenloft en fyn it fantastysk dat ik no ek yn it toaniel in stikje bydrage mei. Yn Little Shops of Horror sil ik yn it ensemble spylje 🎭✨
|
❀ SWALKER ❀Wim de GoedeYn Littleshop of Horrors bin ik in Swalker dy't op strjitte omrint. Myn stim is minder wurden troch jierren fan strjitlibben. Jo sille my net sjonge hearre. Ynstee dêrfan sil ik oanwêzich wêze as in brêge tusken sênes.
Nei't ik as figurant yn ferskate toanielstikken ferskynd bin, bin ik no figurant yn in musical. It is spannend om te sjen oft Audry II my mei rêst lit, of dat ik gewoan in lekker hapke bin foar har bin. Jo moatte komme sjen om it út te finen. |
❀ Diana Rijnbergen ❀ | KoarSjonge is myn passy, al sa lang as ik my heuge kin. Little shop of horrors wurdt myn 4e iepenloftspul op De Tynje, lykas earder ek dit kear wer as ien fan de backing vocals.
En wat in enerzjy en talint is der al te sjen en te hearren yn de earste repetysjes, by sawol spilers as band guod witte dat de Tynje wer op de kaart set wurdt yn 2026! |
❀ Carin Efdé ❀ | KoarWat in geweldich stik mei fantastyske muzyk en om deryn te sjongen is in fet kado! Ik haw net fuort in aktive rol op de spylflier, mar bin ien fan de trije backing vokalisten, dy't dêr wêr't it mar nedich is stypjend binne yn de sjongpartijen. Ik bin derfan oertsjûge dat wy mei dizze moaie groep wat hiel bysûnders delsette sille. Ik ha der fet in soad sin oan en ik soe sizze... Komt dat sjen!!!
|
❀ Hirma Marcus-Altena ❀ | KoarNeist dat ik yn dit fette stik de coaching dwaan mei, sjong ik yn'e backings mei as earste sopraan. Ik mei dus ek meigenietsje mei it tegearre sjongen mei dizze fantastyske spilers en sjongers.
|